

![]() View Full-Size Image |
De Hearen fan Fryslân |
|
|
Price per Unit (piece):
€19.50
|
||
| Ask a question about this product | ||
It machtich epos De Hearen fan Fryslân, basearre op wiere barrens yn ’e striid fan in man en syn folk, spilet yn ’e súdwest-hoeke fan ‘e provinsje en yn Amearika. Dizze grutte roman is yn mannich opsicht in ferpletterjend debút. It tagelyk tragyske en humoristyske boek benimt de lezer de siken en is mei in daverjende gong skreaun. De lotgefallen fan de twillingen Tsjalling en Tseard van der Zee, twa boeresoannen dy’t yn ‘e tritiger jierren nei de Feriene Steaten ta sille om harren emigrearre omke Hotse fan de ûndergong te rêden, bliuwe de lezer noch lang by. It hurde boerelibben, de spanning en de romantyk yn Fryslân, Californië en Montana binne in ferfilming wurdich. Arjen Terpstra (1948) hat syn hiele libben skreaun. As seeman, sjoernalist, cameraman, ûndernimmer en romantikus wie er altiten ûnderweis. Hy joech klassike muzyk út en boude bedriuwen op; as er ferlear begûn er wer op ‘e nij. Dat ferbynt him mei Amearika, mentaal syn thúslân. Tsjintwurdich skriuwt er ek scenario’s foar regisseur Steven de Jong (de film oer Grutte Pier). |
||
Customer Reviews:There are yet no reviews for this product.Please log in to write a review. |
||
List All Products |
|
|
Advanced Search |
ButerBreaenGrieneTsiis.com is a partner of FryslânFerbynt.nl, connecting Frisians worldwide.